Helptsjinsten spylje ramp op fearboat nei op de Waadsee

De brânwacht, KNRM, ambulânsetsjinst en rederij Wagenborgen hawwe moandeitejûn in grutte oefening hâlden op de Waadsee tusken Lauwerseach en Skiermûntseach. Doel wie om de koördinaasje en kommunikaasje op mekoar ôf te stimmen. Dêr wie noch wol wat ferbettering yn mooglik, sa die bliken.
De helpferlieners spilen foar de oefening in senario nei op fearboat de 'Monnik'. Dêr wie brân ûntstean troch in gemyske reaksje. Der wienen njoggen slachtoffers. Guon moasten op see fan board helle wurde, oaren koenen op de boat bliuwe.