Lodewijk de Waal bemiddelet yn kwestje-Caparis

26 sep 2016 - 22:59

Ald FNV-fakbûnsfoarsitter Lodewijk de Waal is de bemiddelder dy't alle partijen binnen Caparis wer op ien line krije moat. De gemeenteried fan Ljouwert wol dat de wethâlders Sjoerd Feitsma en Andries Ekhart goed sjogge nei harren rol yn it dossier.

Ein july hawwe de wethâlders yn oparbeidzjen mei de oare oandielhâldende gemeenten besletten in bemiddelder oan te stellen. It is de bedoeling dat De Waal op koarte termyn mei in rapport komt. Alle belutsen partijen binne noch net heard.

De opposysjepartijen yn de ried fan Ljouwert binne lykwols net tefreden. Sy trúnje oan op in yngeand ûndersyk, in enkête, nei de rol fan de beide wethâlders. De partijen wolle ûnôfhinklik fan de oare belutsen gemeenten sjen nei hokker stappen set binne en oft de belangen fan de gemeente Ljouwert goed behertige binne.

In mearderheid yn de ried fynt it ynstrumint fan in riedsenkête lykwols te fier socht. Fraksjefoarsitter Tamara Bok fan de PvdA wol foarearst dat de rêst weromkomt by Caparis. Dêrnei soe der ien grut ûndersyk komme moatte dêr't alle oandielhâldende gemeenten by belutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)