Skilders wolle gjin jild ynleverje en gean yn staking

In grutte groep Fryske skilders sil tiisdei stake. Se binne it net iens mei de nije CAO dy't sletten is. De skilders soene der finansjeel flink op achterút gean.
Fakbûn FNV seit dat it tegearre mei it CNV by de ûnderhannelings bûtenspul setten is. Wurkjouwerorganisaasje OnderhoudNL hat in akkoart sletten mei fakbûn LDV. Dat soe inkelde tsientallen leden hawwe en neffens FNV net representatyf wêze foar de sektor. Wurknimmers dy't stake wolle, soene ek yntimidearre wurde. Se wurde beskuldige fan wurkwegering. It fakbûn nimt dat heech op.
Njonken stakings yn Fryslân sil in groep Fryske stakers ek ôfreizigje nei Amsterdam foar protest. Sy wurkje dêr by in grut skildersbedriuw.