Argewaasje oer minne fuotbalfjilden yn Surhústerfean

De steat fan de fuotbalfjilden fan 't Fean '58 yn Surhústerfean soarget foar argewaasje. Neffens de feriening soe it ûnderhâld fan de fjilden behoarlik min wêze. Sa min sels, dat der oankloppe is by de politike partij Gemeentebelangen Achtkarspelen.
De partij wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hoe't it kin dat de fjilden sa min binne. Ek wolle se witte oft de feriening de 1300 euro weromkrijt, dy't se ynvestearre hawwe yn spesjale oanpassings fan it fjild. Dy oanpassings soe no troch de problemen weismiten jild wêze.