Jong Hearrenfean pakt Jong Heracles yn mei 6-0

26 sep 2016 - 20:34

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn mei 6-0 wûn fan Jong Heracles. De ploech fan trainer Johnny Jansen spile ûnder oare mei Luciano Slagveer en Younes Namli yn ‘e basis.
Nei in kertier spyljen kaam Hearrenfean op een 1-0 foarsprong. It wie de jonge Deenske ferdigener Stefan Gartenmann dy't fan in ôfstân in doelpunt makke. Dat wie ek de rêststân.

Nei de rêst rûn Hearrenfean oer Heracles hinne. Slagveer makke fuortendaliks de 2-0 en tsien minuten letter skoarde Jordy Bruijn de 3-0.

Neidat Michel Vlap op de latte sketten hie, wie it Rannick Schoop dy't de 4-0 binnenskeat. Troch doelpunten fan Morten Thorsby en Dennis Johnson rûn Hearrenfean út nei in romme 6-0 oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)