Atte Jongstra krijt literêre Constantijn Huygenspriis

26 sep 2016 - 20:11

De fan oarsprong Fryske skriuwer Atte Jongstra hat de Constantijn Huygenspriis takend krige foar syn hiele oeuvre. "Wauw, wat in erkenning", wie Jongstra syn earste reaksje. Jongstra (1956) is hikke en tein yn Terwispel, mar ferfear dêrnei nei de Rânestêd. Hy beoefenet de literatuer as "oansteklik en boartlik spul fan stilen en foarmen", neffens de sjuery.

Earder wûnen Adriaan van Dis, A. F. Th, van der Heijden en Arnon Grunberg de Constantijn Huijgenspriis. Oan de priis is in bedrach fan 10.000 euro ferbûn. 

Jongstra moat noch eefkes wachtsje foar't er de oarkonde en it jild yn hannen hat, want de oerlanging is pas op 22 jannewaris takom jier yn Den Haag.

Atte Jongstra skreau yn 2013 it Fryske Boekewikegeskink. Dêrfoar waard syn Nederlânsktalige tekst yn it Frysk oerset.

Jongstra is tiisdeitemoarn tusken seis en njoggen oere te hearren yn in telefoanyske reaksje op de Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)