Twangsom Hearrenfean hoecht foarearst net betelle te wurden

26 sep 2016 - 19:51

In twangsom fan maksimaal 75.000 euro dy't oplein is oan de gemeente Hearrenfean hoecht foarearst net betelle te wurden. De steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu hie de twangsom oplein, omdat de gemeente mooglik op twa plakken fersmoarge grûn net goed opslein hat.

De Rie fan Steat hat bepaald dat de omskriuwing te faach is. Der is net dúdlik wat de gemeente no krekt dwaan of litte moat om foar te kommen dat it jild betelle wurde moat. De twangsom is noch net definityf fan de baan. Der rint nocht in boaiemproseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)