Haijtema moat oare wike moandei foarkomme yn Myanmar

Klaas Haijtema © Facebook, Klaas Haijtema
Wûnzer Klaas Haijtema moat oare wike moandei yn Myanmar foarkomme. De Fries waard freed oppakt nei't er in hillich boeddhistysk feest fersteurd hie.
Haijtema is mei syn freondinne op wrâldreis. Se sieten yn in hostel. Der wie in hillich boeddhhistysk feest oan 'e gong mei in soad lûde muzyk op fersterkers. Haijtema gie nei de minsken ta om te freegjen oft it wat minder lûd koe. Doe't se net reagearren, luts er de stekker út in fersterker. Dêrmei helle er him de lulkens op 'e hals fan de pleatslike befolking.
Noch gjin offisjele oanklacht
De plysje hat him earst meinaam út beskerming. Mar no is tsjin de Wûnzer ek proses-ferbaal opmakke en hy is oerbrocht nei de finzenis. Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken leit der noch gjin offisjele oanklacht. It ministearje hat wol in befestiging krigen fan de arrestaasje fan Haijtema. Meiwurkers fan de ambassade wachtsje no op tastimming om by him delgean te kinnen. Se hâlde de finger oan de pols om te sjen oft Haijtema in earlik proses kriget.
Goed útsjen
It ministearje fan Bûtenlânske Saken warskôget yn in reisadvys goed rekken te hâlden mei it boeddhisme. Boedda is hillich yn it lân; je moat der dan as reiziger ek goed rekken mei hâlde, sa stiet op de webside fan it ministearje.
Amnesty: "Algemiene omstannichheden striemin"
Haijtema is de iennige Nederlanner dy't dêr op it stuit fêstsit. It ministearje fan Bûtenlânske Saken kin dan ek gjin goed byld sketse fan de situaasje fan Nederlanners yn de finzenis dêr. Neffens in wurdfierder fan Amnesty International binne de algemiene omstannichheden striemin. Yn it ferline hat de organisaasje him bot ynset foar politike finzenen. Doe wie der sprake fan marteling, mishanneling en in ûnearlike prosessen.