Taakstraf foar bestjoerder dy't ûngelok by Hallum feroarsake

26 sep 2016 - 17:11
  • rydbewiis

In man út Ljouwert hat in taakstraf fan 120 oeren krigen, omdat er ferline jier by Hallum in ûngelok feroarsake hat. De man helle trije auto's yn oer in trochlutsen streek. Hij ried frontaal op in auto dy't him yn de mjitte kaam.

De man sels en de bestjoerster fan de oare auto rekken beide ferwûne. Neffens de rjochtbank hat de man út Ljouwert bot ûnfoarsichtich riden. De Ljouwerter hat syn rydbewiis fuort nei it ûngelok al in skoft kwyt west, en hoecht it fan de rjochter net nochris yn te leverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)