B. en w. Eaststellingwerf wolle bliuwersfûns foar âlderein

B. en w. fan Eaststellingwerf wolle takom jier in 'bliuwersfûns' ynstelle. Dat is in liening foar âldere minsken sadat se langer thús wenje kinne. It jild kin brûkt wurde foar in treplift of oare dingen, of in oanpaste badkeamer. De liening moat werombetelle wurde. Foar âlderein is it faak lestich om in hypoteek by de bank te krijen.
De gemeente hat boppedat besletten om net te besunigjen op húshâldlike help. Eaststellingwerf jout dêr jiers 300.000 euro mear oan út as dat de gemeente weromkrijt fan it ryk.
Fêste húshâldlike help bliuwt
Boargemaster en wethâlders wolle net besunigje op de húshâldlik help om sa te befoarderjen dat de âlderein de fêste húshâldlike help hâldt. Yn Eaststellingwerf wenje yn ferhâlding in soad âlderen. De gemeente wol mei de maatregels derfoar soargje dat sy ek goed thús wenjen bliuwe kinne.
Finansjeel sûn
De plannen foar it fûns stean yn de programmabegrutting foar de perioade 2017-2020. Ut dy begrutting blykt dat de gemeente Eaststellingwerf der finansjeel goed foar stiet. De gemeente ferleget de rioelbelesting en hat boppedat mear as 5 miljoen euro romte foar nij belied.
Feestfûns
Njonken it nije 'bliuwersfûns' stekt de gemeente ek jild yn in nij duorsumheidsfûns - dat ûnder oare brûkt wurde kin foar it keapjen fan sinnekollektoaren - en in 'feestfûns' om yn 2017 it 500-jierrich bestean fan Eaststellingwerf as selsstannige gemeente te fieren. Wat dêrby opfalt is dat de like âlde gemeente Weststellingwerf oant no ta noch gjin plannen bekend makke hat om dat jubileum te fieren.
"Appelskea moat yn top 10"
De gemeente stekt fierder ek jild yn twa gruttere projekten. Yn Easterwâlde is it bedriuw EcoStyle dwaande mei de oanlis fan in ekologysk bedriuweterrein. De gemeente wol dêroan meiwurkje en sil der ek yn dielnimme. De gemeente stekt ek jild yn it 'Masterplan Appelskea'. Dat moat derfoar soargje dat Appelskea yn de top 10 komt fan toeristyske bestimmingen yn Nederlân. It giet om it opkreazjen en ferbinen fan de Boerestreek yn it sintrum, mei it gebiet fan de Keale Dunen yn nasjonaal park it Drents-Friese Wold. De gemeente stekt dêr 7 ton yn 't jier yn, ûnder oare yn de foarm fan de koartlyn presintearre selsridende buskes.
Glêsfezel yn bûtengebiet
Fierders wol Eaststellingwerf sa gau mooglik úteinsette mei de oanlis fan breedbânglêsfezel op it plattelân. It giet om in inisjatyf fan de provinsje om mei it bedriuw Kabelnoord glêsfezel út te rôljen yn it bûtengebiet. Eaststellingwerf wol graach elke pleats en elk wenhûs yn it bûtengebiet oanslute en hat dêr 500.000 euro foar oer. In earste proef yn it doarp Langedike is súksesfol ferrûn. Neffens de gemeente is der in soad belangstelling yn it bûtengebiet om oansletten te wurden. Wethâlder Van Esch hat it oer in 'djipte-ynvestearring'. "Boeren hawwe it nedich, mar oare ynwenners ek. Lege buorkerijen wurde boppedat oantrekliker as festigingsplak foar nije bedriuwen as der breedbân ynternet leit."
De plannen fan boargemaster en wethâlders moatte noch goedkard wurde troch de gemeenteried.