Ballade foar 20-jierrige stjerdei Jannes van der Wal

26 sep 2016 - 16:05
  • Meindert Talma mei achter him op grut skerm Jannes van der Wal
  • Jannes van der Wal

It Fryske damfenomeen Jannes van der Wal wie sneon tweintich jier ferlyn ferstoarn en dêrfoar is der in spesjale jûn mei muzyk en damjen. Muzikant Meindert Talma spilet dêr 'De ballade van Jannes van der Wal' fan syn nije cd oer de damsport.

Van der Wal, berne yn Driezum, wie wrâldkampioen yn 1982 en miskien noch wol bekender om syn ûnbeholpen telefyzjeoptredens. By Mies Bouwman hold er him minutenlang stil, doe't Mies him frege hie hoe âld oft er wie. Dat fûn er in domme fraach.

Jannes van der Wal kaam sa faak yn telefyzjeshows, dat soms fergetten wurdt hoe'n goede dammer oft er wie, sizze freonen en kollegadammers.

Libbensferhaal

De cd dy't Meindert Talma makke hat, giet oer de damsport. 'De ballade van Jannes van der Wal' is in nûmer fan 22 minuten, dêr't Talma it libbensferhaal fan Jannes van der Wal yn fertelt.

Wiersma en Scholma

By de optredens fan Meindert Talma binne om bar de grutmasters Harm Wiersma en Auke Scholma oanwêzich. Sy damje simultaan tsjin pleatslike dammers. Scholma wie sneon oanwêzich yn de Grinzer Pein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)