Justysje easket jier sel foar ûntucht mei twa stazjêrs

Justysje © Omrop Fryslân
De eigener fan in boumerk yn Surhústerfean moat mooglik de sel yn foar ûntucht mei stazjêrs. Hy soe twa jonges oan de kont sitten ha en by ien fan de slachtoffers syn finger deryn stutsen ha. Dat is allegear te slim foar in wurkstraf, seit justysje. Dy easket dêrom 1 jier sel, wêrfan acht moanne ûnder betingst.
De fertochte jout ta dat er wat frij wie mei de jonges, mar it wie net de bedoeling om de grins oer te gean, seit er. De man út it Grinzer Kropswolde is út himsels mei in behanneling begûn. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.