Studinten drok mei tariedings foar it Groot Liwwadder Diner

26 sep 2016 - 17:00
  • Studinten sierde iten mei Waldbeantsjes

Reade krobbes en wâldbeantsjes, it binne twa delikatessen dy't tongersdei op it menu stean by it Groot Liwwadders Diner. Op 't heden wurkje 220 studinten fan it Friesland College oan de tariedings fan dat diner dat foar de twadde kear holden wurdt.

Yn gearwurking mei tal fan hoarekabedriuwen en -gruthannels krije tûzen gasten in lekker en bysûnder miel foarset. Net allinnich yn de keuken en betsjinning wurde studinten ynset, ek fan de bakkersoplieding dogge se mei, en D-Drive soarget foar ferdivedaasje op it mêd fan muzyk en fideo.

Unyk projekt

Neffens Krista Jansen, opliedingsmanager fan de Middelbare Hotelskoalle, is it in unyk projekt foar de studenten dy't yn de fiifde opliedingswike no al de kâns krije om mei in ferskaat oan sjef-koks te wurkjen oan tal fan gerjochten. Fan de tûzen kaarten binne der al sawat njoggenhûndert ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)