Damen Shiprepair mei frachtskip fan Doeksen ferbouwe

26 sep 2016 - 15:01

Damen Shiprepair Harns mei de grutte ferbouwing fan it frachtskip Noord-Nederland fan rederij Doeksen útfiere. "Voor deze ingrijpende verbouwing hebben we gezocht naar een ervaren en goed toegeruste partij," sa seit direkteur Paul Melles fan Doeksen.

Damen Shiprepair wol foar it wurk gebrûk meitsje fan benammen regionale partijen, lykas Barkmeijer út Stroobos. De Ms Noord-Nederland wurdt 20 meter langer makke oer de hele breedte fan it skip. Yn jannewaris 2017 wurdt it skip yn twaën snijd, wêrnei't der in kompleet middenstik tafoege wurdt.

Fierder krijt it skip nije motoaren, nije roeren en in ekstra boechskroeve. De tarieding foar de ferbouwing is yntusken úteinset, en moat yn febrewaris 2017 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)