Fandalen litte grut spoar fan skea efter by Bosbergtoer

26 sep 2016 - 14:40
  • De útkyktoer yn Appelskea

Unbekenden ha opnij fernielings oanrjochte oan materieel dat brûkt wurdt by de bou fan de Bosbergtoer by Appelskea. Nei alle gedachten ha de dieders yn de nacht fan freed op sneon de fernielerij oanrjochte.

It giet om it stikken knippen fan in grutte kabel, en it sabotearjen fan in motorblok fan in kraan. De dieders hiene sân yn de motorkap smiten, wêrtroch't de motor grutte skea oprûn hat. In oantal moannen lyn waarden de ruten fan in kraan op de lokaasje ek al ynsmiten. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)