2016 liket in hiel goed wynjier foar Nederlânske wyn

26 sep 2016 - 13:51
  • Druven by wyngerd Frysling yn Bûtenpost binne hast klear

It liket in hiel goed jier foar de Nederlânske wyn te wurden. Dat komt troch de moaie neisimmer yn kombinaasje mei in moaie maaitiid. En de waarfoarspellings binne noch hieltyd goed. By de noardlikste wyngerd fan Nederlân, Frysling yn Bûtenpost, plukke se dêrtroch earder druven as yn oare jierren. De ferwachting is dat ein maaie fan takom jier harren earste wyn fan 2016 al dronken wurde kin.

Neffens Jantiene Broersma fan Frysling kin de reputaasje fan Nederlânske wyn noch wol wat better.

"Het is goede wijn, alleen moet men wennen aan de smaak", seit Broersma. Sels ha se al prizen wûn mei harren wyn en sjampanje. Wol is de kostpriis heger, om't de grûn hjir minder geskikt is as yn de tradysjonele wynlannen. Dêrtroch is de opbringst in stik minder.

Nei alle gedachten sille se dit wykein begjinne mei it plukken fan de druven en dêr sykje se noch help by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)