UPDATE: Klaas Haijtema wike langer fêst yn finzenis Myanmar

De 30-jierrige Klaas Haijtema fan Wûns sit sûnt freed fêst yn in finzenis yn it Aziatyske lân Myanmar, nei't er himsels de lilkens fan de lokale befolking op 'e hals helle hie.
Haijtema is op wrâldreis mei syn freondinne en siet yn in hostel. Der wie in hillich boeddhistysk feest oan 'e gong mei in soad lûde muzyk op fersterkers. De Fries gie nei de minsken ta om te freegjen oft it wat minder lûd koe. Doe't se net reagearren, luts er de stekker út in fersterker.
Lilke minskemassa
Haijtema is troch de plysje meinaam ta beskerming fan himsels, omdat de minskemassa by it hostel yn opstân kaam tsjin him. Neffens de krante Myanmar Times moasten der sels soldaten oan te pas komme om Haijtema te beskermjen. De mem fan Klaas seit dat dat net wier is.
Proses
De oare deis wiene der in soad oanklachten tsjin him en krige de 30-jierrige ynwenner fan Wûns ynienen in proses-ferbaal en waard er nei de finzenis oerbrocht. Hy krijt no in proses, dat nije wike tsjinje sil. De Nederlânske ambassade is yntusken dwaande om Haijtema te helpen.
Syn freondinne sit yn it hostel en kin net by him op besite, om't se dêr gjin tastimming foar krijt. De hope is dat Haijtema der mei in jildboete ôfkomt, mar dat is noch net dúdlik.