Earste kalkhimphûs fan Fryslân wurdt boud yn Aldegea (SWF)

Yn Aldegea yn Súdwest-Fryslân wurdt wurke oan it earste profesjoneel boude kalkhimphûs fan Nederlân. It moat ien fan de meast miljeufreonlike huzen wurde dy't ea yn ús provinsje boud is. Sa miljeufreonlik dat as it hûs wer ôfbrutsen wurde moat, al it boumateriaal oer it lân útriden wurde kin.
It hûs is de dream fan Huub en Esther Lambriex út Heemstede, Mei de bou fan harren hûs wolle se dizze wize fan bouwen by mear minsken ûnder de oandacht bringe.
Neffens Huub hat it hûs ideale kwaliteiten. "Kalkhennep isoleert heel goed en houdt het vochtgehalte in huis optimaal en dat zorgt voor een ideaal binnenklimaat." Boppedat is it tige miljeufreonlik. "Als het huis na 100 of 200 jaar weg moet om welke reden dan ook, dan kunnen de muren vermalen worden en uitgereden over het land. Het materiaal composteert en zo is de kringloop weer rond."