Dokkum set ekstra befeiliging yn foar drokte 'nije V&D'

26 sep 2016 - 12:45

Der wurdt foar takom woansdei safolle drokte ferwachte yn de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum foar de tydlike winkel mei V&D-produkten, dat eigener Kooistra Opkopers dwaande is om ekstra befeiliging en stekken te regeljen.

Warenhús V&D gie ein 2015 fallyt en krige úteinlik gjin trochstart. De foarrieden fan de winkels gienen mei koarting de doar út. Kooistra kocht koartlyn de folsleine foarrie fan de websjop fan de V&D op. Woansdei iepenje de doarren fan de winkel. Ferkeaper Epie Kooistra sjocht foarút op de grutte dei.

Ekstra befeiliging, dat nimt serieuze foarmen oan!

"Woansdei gean om 9 oere moarns de doarren iepen. Wy ferwachtsje hjir in hiel soad fan. Doe't wy bekend makken dat wy in tydlike winkel iepenje soenen mei santjin trailers mei de komplete foarrie fan de websjop fan de V&D, krigen wy reaksjes út it hiele lân dat se nei Dokkum komme soenen. Dêrom sette wy no ek befeiliging yn foar de earste dagen. Wy binne no yn petear mei de Friese Poort om studinten yn oplieding ta befeiliger te leverjen, dy't oparbeidzje kinne mei profesjonele befeiligers."

Hoe soargje jim derfoar dat it gjin gaos yn de winkel wurdt?

"It binne kwaliteitsprodukten dy't no mei 40 of 50 prosint de winkel útgean. We regelje it dêrom sa dat minsken net allegear tagelyk de winkel yn kinne. Wy litte de earste 250 minsken ta en dêrnei is it in kwestje fan tsien minsken derút en dan wer tsien nijen derby. Minsken kinne it guod dat se keapje yn prinsipe net ruilje, mar se krije wol garânsje op de produkten. De winkel stiet wol grôtfol. Alle soarten produkten dy't we hawwe stean yn de winkel en de foarried folje we alle dagen by."

Kinne minsken by jim it V&D gefoel nochris belibje?

"Oan alle produkten hingje noch kaartsjes fan de V&D en op alle ôfdielings hawwe wy ien stien dy't helpe kin en advys jaan kin. Dus dat soe foar it V&D-gefoel soargje kinne. It is yndie bysûnder dat ien winkel safolle losmakket by minsken. Eltsenien koe it en it is moai om te sjen dat it no noch sa libbet."

Ynteresse dus út it hiele lân. Wêrom hawwe jim foar Dokkum keazen?

"Wy komme sels út Dokkum en wy gunne it dizze omjouwing en de oare Dokkumer ûndernimmers dat sy ek profitearje fan de ekstra drokte fan minsken dy't hjir oars net komme soenen. Yn Eindhoven iepenje we freed trouwens ek in winkel mei V&D-guod, mar dêr ferkeapje wy allinnich klean. Yn Dokkum is alles te krijen: klean foar manlju, froulju, bern en poppen, skuon, linzjery, elektroanika, keukenguod, servies, koffers, en in hiel soad bêdeguod. It is de foarrie fan de websjop dêr't noch net earder koarting west hat, dus it binne net de restanten út de útferkeap fan de fysike winkels."

Wat dogge jim no de lêste twa dagen foar de iepening?

"We binne no hiel hurd oan it wurk om de komplete winkel yn te rjochtsjen en de prizen te kontrolearjen. Ik ferwachtsje dat we ek noch wol in nachtsje trochwurkje sille om alles op 'e tiid ôf te krijen. We hawwe der yn alle gefallen in hiel soad nocht oan!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)