Ynbrekker oppakt nei fersprieden sinjalemint fia Whatsapp

26 sep 2016 - 11:53
  • Ynbraak

Yn de Ljouwerter wyk Huzum hat de plysje sneintenacht in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't besocht yn te brekken yn huzen oan De Oerset en de Opslach. In bewenner waard even foar fjouwer oere wekker fan syn hûn. Bûten seach er in man oan alle doarren fan de wenningen fielen.

De bewenner belle de plysje en joech ek it sinjalemint troch yn de Whatsappgroep fan de buert. Sa koe de fertochte letter oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)