Tresoar ferhuzet fiif kilometer boeken nei Kolleksjesintrum

26 sep 2016 - 11:04

By histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert stean de ferhúsdoazen klear. Goed fiif kilometer oan boeken en kranten wurdt de kommende moanne nei it nije depot yn it Kolleksjesintrum Fryslân (KSF) brocht.

Troch de ferhuzing is in part fan de boeken fiif wiken lang net beskikber om te lienen. Ek sil de oanfraach fan boeken feroarje nei de ferhuzing. De KSF-boeken wurde op in fêste tiid ophelle, wat betsjut dat de boeken net fuortendaliks beskikber binne. Tusken it oanfreegjen en it opheljen sit tenei ien wurkdei.

It KSF is 12 maaie dit jier iepene yn Ljouwert en is it mienskiplike depot foar de fiif provinsjale musea: it Fries Museum, it Natuurmuseum Fryslân, it Fries Scheepvaartmuseum, Tresoar en it Frysk Lânbou Museum. Kolleksjes fan oare musea, wêrûnder dy fan it Fries Museum, binne al opslein yn it Kolleksjesintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)