Skilderij Alma-Tadema taksearre op minstens 230.000 euro

26 sep 2016 - 07:12

Tusken de 230.000 en 346.000 euro. Dat is de wearde wêrop it wer opdûkte skilderij fan de wrâldferneamde Fryske keunstner Sir Lawrence Alma-Tadema taksearre is. De wearde waard sneintejûn bekend makke yn it BBC-programma Antiques Roadshow. It giet om in portret fan de Nederlânske etser Leopold Löwenstam, skildere troch Alma-Tadema yn 1883. Beiden wennen yn dy tiid yn Londen.

In ôfstammeling fan Löwenstam naam it skilderij mei nei de opnames fan de Britske ferzje fan Tussen Kunst en Kitsch. De man sei dat er it nea ferkeapje sil.

It portret is ynkoarten wol te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert. Dy hat it skilderij opnaam yn de tentoanstelling oer Alma-Tadema, dy't 1 oktober úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)