Oerlêst foar ferkear troch oanbringen nij asfalt op A31

25 sep 2016 - 22:22

Automobilisten op de A31 tusken Dronryp en Frentsjer kinne de kommende wiken de nedige oerlêst ferwachtsje, want Rykswettersteat begjint dêr moandei mei it opknappen fan de dyk. Der wurdt gebrûk makke fan in nij soarte asfalt. It saneamde LEAB-asfalt wurdt op in miljeufreonliker wize makke as tradisjoneel asfalt en is ek stiller. De wurksumheden duorje twa wiken. Tidens it wurk sil ien riidbaan ôfsletten wêze foar ferkear.

Trefwurden: 
A31 Asfalt LEAB Rykswettersteat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)