Samenloop voor Hoop yn Snits grut súkses

De Samenloop voor Hoop yn Snits hat goed 182-tûzen euro opsmiten. Dat makke de organisaasje sneintemiddei bekend. De opbringst is rom boppe ferwachting. De organisaasje hie yn earste ynstânsje hope op in bedrach fan in ton.
Tidens it evenemint kuierje minsken 24 oeren om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Boargemaster Hayo Apotheker joech it startskot foar de kuiertocht.