Jannick de Jong wer Nederlânsk kampioen gersbaan

Jannick de Jong © Bert Swarts
Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk is snein iepen Nederlânsk kampioen wurden. By de Gouden Helm van Roden einige De Jong as earste en dêrmei pakte er ek genôch punten om Nederlânsk kampioen te wurden. By de wedstriid yn Roden einige Ingelsman James Shanes, de Europeesk kampioen, as twadde. Mark Helmhout fan De Westereen waard tredde. Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkeap moast it dwaan mei it sechsde plakje.
It is Jannick de Jong syn sânde nasjonale titel.
Der waard ek noch in lannewedstriid ferriden snein. Dy waard in proai foar Nederlân, mei Jarno de Vries, Mika Meijer en Kelly Velda. Se pakten 53 punten en dat wie genôch om Dútslân (50 punten) en Ingelân (30 punten) efter harren te hâlden.