UNIS Flyers gripe neist Ron Bertelingsskaal

25 sep 2016 - 18:42

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe njonken de Ron Bertelingsskaal, de Super Cup fan it iishockey, grepen. Yn Geleen wiene de Geleen Eaters mei 4-3 te sterk foar de Flyers.

De Feanster goals waarden makke troch Yan Turcotte, Cory MacIntosh en Marco Postma.

De Feansters begûnen min oan de wedstriid en dêr koene de Eaters Geleen fan profitearje. De Limburgers skoarden al gau yn de earste perioade de 1-0 yn in dûbele powerplay. Dêrnei koene de UNIS Flyers harren herstelle en dat liede ta de gelykmakker. Krekt foar de ein fan de earste perioade makke Yan Turcotte yn in powerplay de 1-1.

Yn de twadde perioade helle de ploech fan trainer Mike Nason harren nivo wol en mei dêrtroch waard it nei 24 minuten 2-1 foar de UNIS Flyers. De nije Kanadees Cory MacIntosh sette syn team op foarsprong en wie by syn debút sa fuortendaliks belangryk. Yn de einfaze fan de twadde perioade sakken de Flyers dochs hielendal fuort. De Eaters Geleen kamen fia goals fan Jonas Huovinen en Jeffrey Mens sels op in 3-2 foarsprong.

De iishockeyers fan It Hearrenfean moasten yn de tredde perioade yn de efterfolging en dat die fertuten. Marco Postma makke der yn in powerplay 3-3 fan. Dochs kamen de Geleen Eaters wer op in foarsprong. Seis minuten foar tiid waard it 4-3 foar de Eaters. Lars van Sloun makke dy goal en waard dêrmei de matchwinner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)