Yn it wykein hieltyd mear drokte op de húsdokterspost

26 sep 2016 - 06:00

Friezen binne tige tefreden oer de húsdokterspost. Dat docht bliken út in enkête fan de Omrop Fryslân en de regionale omroppen ûnder besikers op harren webside. 68 prosint fan de Friezen jout oan in positive ûnderfining mei de húsdokterspost hân te hawwen. Se fine dat der nei harren harke wurdt en dat de dokter harren goed holpen hat.

De wachttiden binne it koarst yn Fryslân. Mar 22 prosint fan de minsken dy't reagearre hawwe, moast langer as in heal oere wachtsje. Lanlik is dat 32 prosint.

By Dokterswacht Friesland komt de útslach net as in ferrassing. "Omdat alle telefoontjes uit de hele provincie hier op één plek binnenkomen, kunnen wij de druk veel beter over de verschillende huisartsenposten verdelen," seit directeur Monique Birkhoff. "Met deze aanpak lopen wij landelijk voorop." 

Wol sjocht de Dokterswacht it oantal tillefoantsjes benammen yn de wykeinen tanimmen. Dat is in punt fan soarch, mient Birkhoff. It giet nammentlik net altyd om needgefallen. Troch de wike hawwe minsken it te drok en dan wachtsje se oant it wykein om mei de dokter te beljen. Dan komme se by de dokterswacht út. Mar neffens Birkhoff is dat perfoarst net de bedoeling. De dokterswacht is der allinnich foar needgefallen.

Opfallend is fierder dat de Friezen de grutste ôfstân ôflizze moatte nei in húsdokterspost. Fan de Friezen dy't de enkête ynfolle hawwe, moat 11 prosint mear as 20 kilometer ôflizze nei in húsdokterspost. Lanlik leit dat persintaazje op 4 prosint.

Dochs is dat neffens Birkhoff gjin reden ta ûnrêst. "In onze branche wordt gerekend in reistijd en niet in afstand. Volgens die methode voldoen wij aan de wettelijke eisen.

Trefwurden: 
húsdokterspost enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)