Kuorballers LDODK ferlieze fan Blau Wyt Amsterdam

LDODK © Omrop Fryslân
De kuorballers fan LDODK/Rinsma Fashion hawwe de topper yn de eareklasse A mei 23-22 ferlern fan Blau Wyt Amsterdam. De Gordyksters sakje dêrtroch nei it twadde plak op de ranglist. De begjinfaze wie foar de Amsterdammers, dy't al gau in 5-2 foarsprong namen. By it skoft stie de ploech fan trainer Erik Wolsink mei 11-10 efter. In sterke faze nei de rêst soarge derfoar dat LDODK in 18-16 foarsprong nimme koe. Dochs waard de foarsprong noch weijûn en sa stie der oan de ein in 23-22 stân op it skoareboerd.
It wie foar LDODK de lêste wedstriid fan de fjildkompetysje. Yn oktober wurdt yn Dordrecht it Europeesk kampioenskip hâlden. Dêroan dogge trije spilers fan LDODK mei: Erwin Zwart, Friso Boode en Marjolijn Kroon. Nei it EK begjint dan de sealkompetysje.
In klasse leger koe ek SCO út Aldeholtpea de punten net meinimme nei Fryslân. Nic út Grins wûn mei 23-15 fan SCO.