Ferlies foar Snits Wyt Swart tsjin Hoogland: 2-1

25 sep 2016 - 17:18
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart is der net yn slagge om de trije punten mei te nimmen út Hoogland. De Snitsers ferlearen mei 2-1. Alle doelpunten foelen yn de twadde helte.

Snits Wyt Swart stiet no op it fjirde plak mei tsien punten út seis wedstriden.

Yn de begjinfaze biet de thúsploech fan harren ôf en dat smiet in pear kânsen op, mar de Snitser keeper Kevin van der Meulen koe syn goal skjin hâlde. Foar it skoft krige Snits Wyt Swart in goeie mooglikheid om de skoare te iepenjen, mar Age Hains Boersma kopte op 'e peal.

Hoogland kaam goed út it skoft wei. Bas Wobbes sette Snits Wyt Swart nei 48 minuten op in 1-0 efterstân. Fia Sean de Ruiter kamen de Snitser yn de 68ste minút op 1-1. Lang koe de ploech fan Berry Zandink net genietsje fan de tuskenstân, om't Oskar van Logtestijn der tsien minuten letter 2-1 fan makke. Wesley Tankink krige seis minuten foar tiid de perfekte mooglikheid om de lykmakker te meitsjen, mar hy skeat in strafskop op de latte. Dêrtroch bleau it by 2-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)