Sânskulptuerefestival Snits moat op syk nei nije lokaasje

25 sep 2016 - 16:58

It Sânskulptuerefestival yn Snits moat op syk nei in nije lokaasje. It festival waard de ôfrûne fjouwer jier hâlden op it Flexaterrein yn de stêd, mar de gemeente hat dêr oare plannen mei. De organisaasje fan it festival fynt it spitich om't de hjoeddeiske lokaasje eins ideaal wie foar it festival. Op it Flexaterrein is genôch romte om te parkearjen en ek boatsjeminsken koene fia de Houkesleat maklik op it festivalterrein komme. Dêrneist is it hjoeddeiske terrein by it publyk bekend. Fan in nij plak is dat noch mar ôfwachtsjen.

Der wurdt noch mei de gemeente Sudwest Fryslân ûnderhannele oer in nije lokaasje yn Snits, mar ek Makkum, It Hearrenfean en Drachten binne yn byld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)