Winst foar VV Hearrenfean yn spektakelstik: 7-2

25 sep 2016 - 16:29

VV Hearrenfean hat yn in spektakelstik mei 7-2 wûn fan de nûmer lêst Dieze West. Der barde fan alles op Sportpark Skoatterwâld, sa hat de wedstriid tsien minuten stillein en krige tsjinstanner Dieze West trije reade kaarten.

Troch de oerwinning giet Hearrenfean omheech op de ranglist. De ploech fan trainer Marcel Valk stiet no op it njoggende plak mei sân punten út seis wedstriden.

De Feansters kamen goed út 'e startblokken. Ivar Span sette VV Hearrenfean mei twa goals op in 2-0 foarsprong. Noch foar it skoft makke Dieze West de oanslutingstreffer: 2-1.

Dieze West kaam al fluch yn 'e twadde helte werom oant 2-2, mar dêrnei sette Kevin Regts VV Hearrenfean dochs wer op foarsprong. Nei santich minuten spyljen waard de sfear grimmitich. De oanfierder en de trainer fan Dieze West krigen in reade kaart en skiedsrjochter Coppens staakte de wedstriid fanwegen kommentaar op syn beslissingen. Nei in ôfkuollingsperioade fan tsien minuten gie it duel wer fierder. Regts, Niels den Haan, Jasper Brouwer en Jacco Kuiper soargen foar de 7-2 einstân. Yn de tuskentiid krige ek de keeper fan Dieze West noch in reade kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)