Gersbaanracers Fabriek en Bruinsma ferwûne yn Drinte

25 sep 2016 - 12:50
  • Dirk Fabriek

Gersbaanracers Dirk Fabriek fan Jobbegea en Geert Bruinsma fan It Hearrenfean binne sneontejûn beiden ferwûne rekke by de speedwayraces yn it Drintske Veenoord. Der wiene meardere swiere falpartijen by de races om De Gouden Helm.

Yn de sechsde heat skeat Fabriek hurd yn de kessens. Hy moast mei in brutsen ankel en foet nei it sikehûs. Bruinsma klapte op in oare koereur en ried ek de kessens yn. De medyske fersoarging duorre in oere en dêrnei is ek hy mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De traumahelikopter waard oproppen, de traumadokter is yn de ambulânse meiriden nei it sikehûs om ûnderweis de helpferliening troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)