Acht fertochten oppakt by drugsaksje yn Drachten

Speed © ANP XTRA
De plysje hat acht minsken oanhâlden by in drugsaksje yn Drachten. Ien fan dizze acht is in 21-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean, dy't oppakt is foar it dealen fan drugs. De oaren wiene klanten fan him. De aksje waard freed útfierd.
By hússikingen hat de plysje 50 gram heroïne fûn. De drugs dy't de fertochten by har hiene, hat de plysje ek ynnaam. De dealer sit noch fêst op it buro, de oaren mochten nei ferhoar wer fuort.