Groep mishannelet Ljouwerter en slacht ruten stikken

25 sep 2016 - 11:51

In 28-jierrige man út Ljouwert is sneontenacht troch in groepke fan seis minsken yninoar slein oan de Grienewei yn de stêd. De man krige dêr yn in wenning spul mei in freondinne. Op dat momint waard der op de ruten en doarren fan de wenning slein troch it groepke.

De Ljouwerter gie nei bûten en wist ien fan har beet te pakken, mar koart dêrop waard er troch de oare fiif mishannele. De fertochten naaiden út en it slachtoffer gie it hûs wer yn. Doe waard der opnij tsjin de ruten slein, wêrtroch twa stikken giene.

De plysje hat trije fertochten oanholden. It giet om trije Ljouwerters, twa fan 17 en ien fan 18 jier. De plysje ûndersiket de saak en ferwachtet noch mear minsken oanhâlde te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)