Fjouwer bûsehifkers stelle mobile telefoan fan Ljouwerter

Oanhâlding © ANP
De plysje hat sneontenacht in 23-jierrige ynwenner fan de gemeente it Bilt en in man fan 28 jier út de gemeente Pekela oanholden foar stellerij fan in mobile telefoan fan in 25-jierrige Ljouwerter.
De Ljouwerter waard by de Nieuwesteeg oansprutsen troch in groepke fan fjouwer manlju. Se fregen as de coffeeshop noch iepen wie. De Ljouwerter sei dat alles sletten wie en rûn fuort. Hy ûntduts fuortendaliks dat syn mobyltsje stellen wie. De plysje wist twa fan de fjouwer bûsehifkers oan te hâlden.
De plysje hat de saak yn ûndersyk en slút mear oanhâldingen net út.