Man smyt fjoerwurk op auto op A32, plysje siket tsjûgen

25 sep 2016 - 10:10

De auto fan in 24-jierrige man út Ljouwert is sneontenacht op de A32 by Grou bekûgele mei fjoerwurk troch in oare bestjoerder. De man ried tsjin healwei ienen mei syn swangere freondinne út de rjochting fan Grou nei Ljouwert.

Achter him ried in automobilist dy't meardere kearen mei syn grut ljocht knippere. Doe't dizze bestjoerder him ynhelle, sette de Ljouwerter ek in pear kear syn grut ljocht op om sjen te litten hoe't yrritant dat wie. De bestjoerder foar him gie dêrop fol yn de remmen.

De Ljouwerter moast ek boppe op de rem om in oanriding foar te kommen. Doe seach er dat der in gloeiend foarwerp fan sa'n 15 sintimeter grut op syn motorkape smiten waard. Dat ûntplofte fuortendaliks en it foarrút fan de auto spatte útinoar troch de klap.

De Ljouwerter warskôge de plysje. Dy hat noch nei de fjoerwurksmiter socht, mar koe him net mear fine. It slachtoffer hat oanjefte dien fan poging ta deaslach. De plysje ûndersiket de saak en is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
fjoerwurk A32 plysje Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)