Facebookaksje foar omtinken snelheidslimyt op N31

25 sep 2016 - 09:30

Om de maksimumsnelheid fan 100 kilometer yn 'e oere op de N31 noch mear ûnder de oandacht te bringen, binne de plysje, Rykswettersteat en it Iepenbier Ministearje in nije aksje begûn. Minsken kinne fia Facebook stimme op harren favorite mottoboerd. Dêrfan stean der ferskate lâns de N31 tusken Drachten en Surch.

Wa't meidocht oan de aksje, kin in priis winne lykas in slipkursus en in APK mei lytse beurt foar de auto. Dêrneist diele de plysje en Rykswettersteat doaskes pipermunt út mei dêrop de limyt fan 100 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)