Earste iepen dei De Friesland lûkt hast tûzen besikers

25 sep 2016 - 08:55
  • Knuffelpoli op de iepen dei fan De Friesland
  • Sûne hapkes op de iepen dei by de soarchfersekerder

De alderearste iepen dei fan De Friesland Zorgverzekeraar luts sneon hast tûzen besikers. It wie de earste kear yn it 201-jierrich bestean dat De Friesland de doarren yn Ljouwert iepen sette foar publyk. De besikers krigen ûnder oare útlis oer it ynkeapjen fan soarch, it eigen risiko en oare fersekeringssaken. Ek koene se yn 'e kunde komme mei soarchfernijings.

Foar bern wie der de knuffelpoli fan sikehûs MCL, dêr't se har knuffel behannelje litte koene. Ek koene se op de foto mei in ambulânsescooter. De Friesland sprekt fan in slagge dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)