Auto ramt beam en fljocht oer de kop by Wynjewâld

25 sep 2016 - 07:41

In auto is sneontenacht tsjin in beam riden en oer de kop slein op de Duerswâld by Wynjewâld. It ûngelok barde om healwei fiven hinne, nei't de auto troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm rekke. De 57-jierrige bestjoerster út Bakkefean rekke slim ferwûne. De brânwacht, plysje en ambulânse rukten út om de frou út de auto te befrijen. Se is oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)