SC Hearrenfean pakt geweldige oerwinning op ADO Den Haag

24 sep 2016 - 20:21

SC Hearrenfean hat sneontejûn in geweldige 3-0 oerwinning behelle yn de útwedstriid tsjin ADO Den Haag. Yn de earste minút like de ploech fan trainer Jurgen Streppel noch op efterstân te kommen, mar in skot fan Becker gie krekt foar de goal del. Yn 'e 26ste minút kamen de Feansters op foarsprong troch in eigen doelpunt fan ADO-ferdigener Kanon, nei in kopbal fan Stefano Marzo.

In pear minuten nei it skoft skoarde Van Amersfoort it twadde doelpunt foar SC Hearrenfean, mar de goal waard ôfkard fanwege bûtenspul. Yn de 79ste minút foel dan dochs it twadde doelpunt fan de Sweedske middenfjilder Arber Zeneli. Tsjin de ein fan de wedstriid makke Henk Veerman dien wurk nei in geweldige wedstriid fan SC Hearrenfean.  

Takom wike sneon spylje de Feansters yn it Abe Lenstrastadion tsjin PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)