'Foar dy, nei dy' makket dreech ûnderwerp besprekber

25 sep 2016 - 06:50
  • Popke van der Zee en Froukje Reitsema

De foarstelling 'Foar dy, nei dy' is in ûnferwachts grut sukses. Alle jûnen binne al útferkocht en ek foar de ekstra foarstellingen fleane de kaarten fuort. 'Foar dy, nei dy' giet oer it ferlies fan in bern. De twa spilers Popke van der Zee en Froukje Reitsema ha beiden sels in bern ferlern en spylje yn dit stik harsels.

De akteurs ha yn it foar kontakt opnommen mei de feriening OOK: Ouders Overleden Kind. Se woene witte as se der goed oan diene dit stik op de planken te bringen. De feriening wie daliks entûsjast. Foar minsken dy't in bern ferlern hawwe, is it stik ien en al werkenning. Wat benammen hieltyd nei foaren komt, is de ûnmacht fan de omjouwing. Fan famylje, freonen en oare kunde. Se witte faaks net wat se dwaan moatte yn sa'n situaasje.

Net besprutsen

Wat sis je tsjin immen dy't syn of har bern ferlern? Gefolch is dat it ûnderwerp net besprutsen wurdt en dat minsken net mear by je del doarren te kommen. Wylst it krekt sa wichtich is dat dat wol bart. Sa't in taskôger seit: "Fertel dat je net witte wat je sizze moatte, mar dat je der wol foar har binne. Of as je it net sizze kinne, set it op papier. In knuffel seit soms ek genôch". De feriening OOK hopet dat dit stik minsken oan it tinken set en dat it ferlies fan in bern better besprekber wurdt.

Harkje nei de reportaazje yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)