FOTO: Drokbesocht Sport op de Sintrale As

In primeur foar de ynwenners fan de doarpen rûnom de Sintrale As. Sneon mochten se kuierje, drave en fytse oer de nije dyk by it evenemint Sport op de As. En dêr makken se manmachtich gebrûk fan: mear as tweintichtûzen minsken diene mei oan de ferskate aktiviteiten lykas de fytstocht. Yn it foar hiene njoggentûzen minsken har opjûn. Fotograaf Joris Kalma seach by de Sintrale As en makke de folgjende fotoreportaazje.