Iepen dei asylsikerssintra: soad belangstelling yn Balk

Hast hûndert asylsikerssintra sette sneon de doarren iepen foar it publyk om sa in yndruk te jaan fan it libben yn in azc. Dizze lanlike iepen dei is in inisjatyf fan it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, en VluchtelingenWerk Nederland. Oant fjouwer oere sneontemiddei kinne belangstellenden terjochte yn ien fan de azc's. Se krije in rûnlieding, der is muzyk en der binne lekkere hapkes.
Balk
Ien fan de asylsikerssintra dy´t sneon de doarren iepenet, is it krekt oplevere azc yn Balk. Dêr is in soad belangstelling foar de iepen dei, al om alve oere moarns stiene der inkelde minsken foar de doarren. De sfear sit der goed yn en der binne ferskate aktiviteiten te belibjen.
In soad belangstelling
Gerrit de Lang fan it COA is de lokaasjemanager fan it azc yn Balk. Hy is wiis dat der in soad minsken op de iepen dei ôfkomme. ''Ik ben heel blij met alle belangstelling'', sa seit De Lang. ''Ik hoop dat er nog veel meer mensen komen. Er zijn heel veel mensen die van tevoren al hebben aangegeven nieuwsgierig te zijn.''
Aktiviteiten
De iepen dei is benammen organisearre mei it idee de besikers sjen te litten hoe't de flechtlingen libje yn in asylsikerssintrum. ''Mensen krijgen een informatieboekje en een plattegrond van het az mee. Ze kunnen vooral ook zien hoe bewoners wonen op de locatie en hoe de locatie er in zijn geheel uitziet. Daarnaast zijn er allerlei informatiestands waar de mensen met vragen terechtkunnen.''
Flechtlingen yn Balk
Op it stuit wenje der mear as 160 minsken yn it asylsikerssintrum yn Balk. Se wenje der noch mar krekt, in pear wiken. Op 6 septimber waard it azc oplevere. ''De mensen beginnen langzamerhand een beetje te wennen'', sa fertellet De Lang. ''Ze zijn tot dusver tevreden over de opvang.''
Mear bewenners
Foar de lokaasje yn Balk bliuwt it net by de 160 flechtlingen. ''De tweede helft van de bouw is deze week opgeleverd en gaat volgende week instromen. We verwachten dat we dan tussen de 250 en 300 bewoners zullen hebben.'' Yn Balk is yn prinsipe romte foar 500 asylsikers. De lokaasje ferwachtet yn elts gefal in besetting fan 80 persint te realisearjen.