Harkemase Boys ûnderút yn Grins, sechsde ferlies op rige

24 sep 2016 - 14:47

Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 3-1 ferlern fan Jong FC Grins. It wie it sechsde ferlies fan Harkemase Boys op rige. Jong FC Grins kaam yn de 24ste minút op 1-0. Harkemase Boys hie wat in drege start, mar krige de lêste tsien minuten fan de earste helte dochs wol in protte kânsen. Yn de 56ste minút kaam der by de Boys in dûbele wiksel om sa te probearjen wat troch te brekken. Dit smiet neat op, want yn de 66ste minút kaam de 2-0 foar Grins op it skoareboerd.

Dochs bleau de ploech fan Henk Herder druk útoefenje en yn de 79ste minút skoarde Heine Uuldriks de 2-1. Mar seis minuten foar de ein makke Grins de 3-1. It nivo fan beide ploegen ferskilde net bot, mar it wie de yndividuele klasse fan de jonge spilers fan Grins dat it ferskil makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)