Nij akwadukt yn Sintrale As by Burgum lekt grûnwetter

24 sep 2016 - 14:20
  • De oanlis fan it nije akwadukt by Burgum
  • Prinses Margrietkanaal by Burgum

De provinsje is al wiken dwaande om lekkerij by it nije akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal by Burgum te ferhelpen. Op twa plakken sieten der skuorren yn de foly fan it akwadukt yn de Sintrale As en dêrtroch kaam it grûnwetter omheech. Undersyk moat noch útwize wat der krekt misgien is.

Neffens wurdfierder Steffen Hofstra fan de Provinsje wie de ûndergrûn net stabyl genôch. Der is nij sân oanbrocht en de foly wurdt reparearre. It earste plak is klear en as dat goed bliuwt, wurdt nije wike it oare oanpakt.

De offisjele iepening fan de Sintrale As op 7 oktober kin gewoan trochgean, ferwachtet Hofstra.

Sneon wurdt ek it evenemint Sport op de As holden. Fanwege dit evenemint is de Sintrale As al de hiele dei ôfsletten foar ferkear. Oant sân oere jûns wurdt der oer de dyk kuiere en fytst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)