Bern leare silen mei platboaiem by sylwykein yn Grou

24 sep 2016 - 13:28

Hoe fielt it om op in skûtsje te silen? Op dy fraach krigen sa'n fyftich bern sneontemiddei antwurd by in sylwykein by Grou. Al fiif jier organisearret de Kommisje fan Skippers en Bemanning tegearre mei de stichting Foar de Neiteam in sylwykein foar jongerein fan 8 oant en mei 18 jier. Doel is jonge fersterking te winnen by de SKS en de IFKS.

Nei in besite oan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld op freed, wie it sneon tiid foar aksje op de Pikmar. 

Yn GWS-skouwen ûnderfûnen de bern it silen mei in platboaiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)