Bang foar spinnen? Min nijs, der komme hieltyd mear

24 sep 2016 - 12:47
  • Bestrider Johan Oost fan CNS wiist de spinnenêsten oan

We moatte der rekken mei hâlde dat der de kommende jierren folle mear spinnen wêze sille as yn it ferline. Ek oare bisten sa as wespen en rotten komme der hieltyd mear. Dat seit Johan Oost, spinne- en wespebestrider fan it bedriuw NCS yn Ljouwert.

Neffens Oost hat it te krijen mei de klimaatferoaring en de noflike temperatueren foar dit soarte fan bisten. Ek it ferbod op gif spilet in rol. Pleagen wurde tsjintwurdich bestriden op biologyske wize. Dit jier binne der wol twa kear safolle spinnen as meastal seit Oost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)