Kollum: "Dûbeltsje molke"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"It wurd lânbou stie net yn de troanrede. Dat komt om't de regearing net wit wat se der mei moatte. Se hoopje dat Europa ynkoarten mei fiergeande maatregels komt. Mar dan hienen se wol yn it keninklik ferhaal sette kinnen dat se de boeren oan Europa útleverje, mar dat ús boeren safolle foarsprong ha op oare Europeeske boeren dat se de earste fjirtich jier minder fertsjinje sille as in Portugeeske geitehoeder.
We moatte it dus sels dwaan. En sjoch, dêr is FrieslandCampina al, it fabryk dy’t de boeren op 't heden in te lege molkpriis jout. Dy wol no foar net levere molke in dûbeltsje de mingel jaan. Europa docht der dan 14 sinten by. Dus elke net levere mingel molke leveret de boer 24 sinten op. Hoe mjit je soks? Wat is in mingel net levere molke? Kin we dy efter de buorkerij stikem opsûpe? Molke dy’t de boer leverje kinne soe, sjoen it tal kij? Hoe mjit je al dy dûbeltsjes?
Ik lês al dy dramatyske ferhalen fan boerefamyljes dy’t ophâlde moatte ek wol. Ik skriem mei. Maaaar, dat ferhaal fan de Rabo is al hiel âld. Sa’n 20 jier lyn laat ik ris in foarum oer lânbou, en doe sei in man fan dyselde Rabo ek al: fan elke 4 boeren dy’t hjir sitte moat ien no ophâlde. Dy oare trije moatte ynvestearje, mar ek dêr bliuwt mar ien fan oer. Dus ikke freegje: wa hâldt op? 300 boeren yn de seal: net ien. Wa sil ynvestearje? Allegearre stutsen se twa earms omheech.
Mei it ophâlden fan de superheffing ha de boeren ynvestearre. Se ynvestearren as krigen se 35 sinten de mingel. Mar se krije no in dûbeltsje minder. En se kinne de stront net kwyt, en dat moat wol fan Dijksma. En no moat it fabryk dy’t dus in dûbeltsje minder betellet as se tochten, harren rêde. Se jouwe dus in dûbeltsje minder foar levere molke, en dat jouwe se dan wer werom foar net levere molke. Ik begryp der neat fan.
Noch wat oer de boeren: De Biltboeren seine fan 'e wike dat de Biltdiken gjin beskerme doarpsgesicht bliuwe moatte, want dan kin se net alles op har grûn dwaan. It alâlde ferhaal. Bert Middel, ea boargemaster fan Smellingerlân, sei as dykgraaf fan wetterskip Noorderzijlvest fan 'e wike dat it wetter yn en om de Lauwersmar net in milimeter heger komme mei, want oars komme se oan de boeren. De boeren ha yndertiid krekt dien as joegen se ta oan de sucht fan natuerleafhawwers. Romhertich skoden se lânbougrûn nei natuer. Mar oan de oare kant fan de dyk ha de boeren alle natuer út de grûn en it lânskip wei ramt.
We libje hjir yn Fryslân mei moaie natuergebieten, mar oan de oare kant is ús skitterjende libbene fleurige boerelânskip, dêr’t we altyd sa grutsk op wienen, wat we de boeren alhiel fersoargje lieten, nei de kloaten holpen. We ha no lânskipspine, mar de boeren lykje gjin streekje tajaan te wollen om dy pine te ferhelpen. Lokkich kaam de provinsje Fryslân juster yn de begrutting mei jild foar de natuer-ynklusive lânbou. Dat is miskien de omkearing fan it proses.
Want oerheden, lânbou-organisaasjes, natuerorganisaasjes, wy allegear, ha net genôch foarútsjoen. En no sykje we allegear ús eigen paad. In soad Fryske boeren wolle bioboer wurde. Rûchwei is dat in net keunstmest brûkende boer. Mar je moat ek je wurkwize oanpasse, en it lân komt wat mear yn de sfear fan ús eardere grutskens, al hoege der noch gjin bûterblommen yn te stean. Je krije wol in hegere molkpriis. Mar dan komt de tiid fan hjoed-de-dei. It duorret twa jier, twa jier, foardat jo it brevet bioboer krije kinne.
En natuer-ynklusive lânbou ek, dat betsjut yn elk gefal noch mear amtners as oars op it hiem, om te fertellen wat en hoe’t jo it dwaan moatte. As je dan witte dat de boeren yndertiid boer wurden binne om folsleine frijheid yn hanneljen en besluten te hawwen , dan wit je hoe swier as dat der ynhinget. Boppedat, der wolle no sa’n soad boeren bioboer wurde, dat dêr ek al wer in stop opsit. Krekt as aanst by de FrieslandCampina barre sil, as dy tefolle dûbeltsjes betelje moat foar net besteande molke."