Ferlern skilderij Alma-Tadema dûkt op yn BBC-programma

24 sep 2016 - 07:46
  • Antykekspert Rupert Maas fan it BBC-programma Antiques Roadshow
  • Antykekspert Rupert Maas en presintatrise Fiona Bruce fan Antiques Roadshow
  • It portret fan Leopold Löwenstam yn it Fries Museum tusken de etsen dy't hy makke hat fan de skilderijen fan Sir Lawrence Alma-Tadema

In skilderij fan de wrâldferneamde Fryske keunstner Sir Lawrence Alma-Tadema, dêr't fan tocht waard dat it der net mear wie, is nei mear as hûndert jier opdûkt yn de Britske ferzje fan it telefyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch. De wearde fan it skilderij rint yn de tonnen, seit konservator Marlies Stoter fan it Fries Museum yn Ljouwert.

It giet om in portret fan de Nederlânske etser Leopold Löwenstam, skildere troch Alma-Tadema yn 1883. In ôfstammeling fan Löwenstam naam it skilderij mei nei de opnames fan Antiques Roadshow fan de BBC.

Etsen

De man hie it al lang yn de famylje. Alma-Tadema sels skonk it skilderij oan de frou fan Löwenstam. Se wie de nanny fan de beide dochters fan de skilder. Löwenstam makke etsen fan de skilderijen fan Alma-Tadema en de ôfdrukken dêrfan waarden ynternasjonaal ferspraat. Se makken Alma-Tadema wrâldferneamd. It skilderij dat no fûn is, toant de etser oan it wurk. Soksoarte portretten binne der hast net en neffens antykekspert Rupert Maas fan Antiques Roadshow is it mei dêrtroch it moaiste skilderij ea yn de histoarje fan it BBC-programma. Alma-Tadema portrettearre minsken faker wylst se har gewoane wurk diene, seit Stoter. 

Ynstruier

De fynst fan it skilderij is in moaie ynstruier foar it Fries Museum. Dêr ha se fan 1 oktober ôf in tentoanstelling oer de skilder. Dy wie eins al klear, mar doe't se fan dit skilderij hearden, ha se fuortendaliks romte makke, seit Stoter. Se is út 'e skroeven dat it museum it skilderij yn de tentoanstelling opnimme mei. It komt te hingjen neist de etsen dy't Löwenstam makke hat. 

Priveebesit

Yn 1913 is it skilderij foar it lêst tentoansteld en dêrnei waard tocht dat it ferlern gong wie. "Dat heeft te maken met dat het in privébezit is," leit Stoter út, "als je een schilderij in je eigen huis hebt hangen, en dat geef je aan je zoon als je er niet meer bent en dan aan je dochter - in dit geval ging het eerst naar de dochter en dan naar de zoon - dan verandert de achternaam ook en weet je niet meer waar het is."

Brieven

Mear skilderijen fan Alma-Tadema binne der net yn it besit fan de famylje, seit Stoter, mar wol oare persoanlike dingen. Alma-Tadema wie befreone mei de famylje Löwenstam. Se wennen yn deselde tiid yn Londen en der binne noch brieven bewarre bleaun. "Die wil ik zeker een keer zien."

Antiques Roadshow wurdt sneintejûn útstjoerd troch de BBC en dan wurdt ek de taksaasjewearde bekend makke. Wa't it portret yn it echt bewûnderje wol, kin dus fan 1 oktober ôf telâne yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)