Froulju SC Hearrenfean spylje lyk tsjin Telstar

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freedtejûn op it fjild fan Skoatterwâld mei 2-2 lyk spile tsjin de froulju fan Telstar út Velsen. Yn de earste helte makke Babiche Roof fan Telstar nei 31 minuten it earste doelpunt. Nei it skoft soarge Suzanne Admiraal fan Telstar foar de twadde goal. Feanster Laura Strik soarge foar de oanslutingstreffer foar de Friezen.
Jassina Blom makke dêr yn de 85ste minút út in sels fertsjinne penalty 2-2 fan. Troch it lyk spul stiet SC Hearrenfean yn de middenmoat fan de earedifyzje mei 4 punten út 3 duels.